zondag 2 april 2017

01: Nijbeets



     FILMPJE KLIK HIER


Foto's onderaan dit bericht

Folle te dwaan wat kuieren oangiet op 1 April 2017! Njonken de Fjoertoer op Skylge en de Hunnebedtocht fanút Havelte wie der ek wer de jierlikse kuiertochten fanút Nijbeets ûtsmart oer 2 dagen. Wy hawwe noch efkes neitocht oer hokker dei wy soene meidwaan. De waarfoarsizzing fan sneon wie wat minder dan dy fan snein mar ek net oerdreaun min. dus sneon mar rinne, dochs ús fêste wandeldag.
De start wie fanút Damhûs
museum, de 35 km. gie fuort heal 9; de 25km. om 9 oere en de kortere ôfstannen (6 en 12 km) koene om 10 oere oan de bak. Bern koene meidwaan foar allinne 2 euro en krigen ek noch in moaie medalje foar har prestaasje! 

  
Stifting 'Het
Damshus' soarget foar aktiviteiten fan it museum; Het Damshus, it museumgemaal en galery it Sudergemaal (Nei Nijbeets), vaartochten en ekskurzjes fanút it Damshus en de windmotor yn de Veenhoop. Foar bezoekjes mei of sûnder gids kinsto telefoanysk reservearje. Ek te kombinearje mei lunsj, koffie/gebak, film enz. Aardich dus om hjir noch ris in (...net kuier) besykje te bringen! 

    
De tocht: 's Moarns healve 7 út bêd, healve 8 nei de
startlocatie wêr wy in oere of 8 wiene, dêrnei in praatsje, efkes filmje en heal 9 mei de 'toppers' fan de 35 km. meirinne. Meintsje filmde de start en ik (A) gie efkes derfoar wei om in moai plakje op te sykjen en sa alle wandelaars efkes op de film te setten. Neidat de hiele stoet (150 man) foarby wie koene wy it efkes rêstich oan dwaan en wachtsje op de earste 25 km. rinners. Dy rûte soene wy fierder meirinne

Genôch te sjen ûnderweis wêrby de gâns ooievaars yn it each sprongen! Prachtich gesicht der boppe yn de beammen! Franke Kooijker hie wer in nije rûte yn elkoar set en dêr wiene wer moaie stikken by. Wol wiene it meastentiids lange stikken wêrby benammen it lêste stik mei in soad rein en in drokke wei wat minder wie, mar sokke paden binne net te mijden om moaie gebieten te besykje. Earst kuierden wy in tal asfalt paden en mochten wy in moai bosk besykje. Skoft nei 11 km. wêrnei de rûte moai waard, in hiel stik lâns de feart. Nei sa'n 18 km wie der in rêst en stimpelje yn it Sudergemaal, slim aardich om dêr ris te sjen.
Wy hawwe in filmke makke fan likernôch 16 minuten, moai skoftsje mei dwaande west dus no efkes lekker fytse! Moandei 's moarns stean der ek noch wat foto's fan de tocht op ús site, de link stiet op dizze side.
Sneon 8 April rinne wy de
voorjaarstocht fan WIK fanút Appelskea.  


Hjir noch wat fotootjes fan Meintsje......Klik op 1 foto en je kunt de rest doorscrollen op groot formaat.